Algemeen

GRIET WIERSMA BRINGT
SFEAR BY FOSWERT

Griet Wiersma fersterke yn Ferwert it lûd fan de maaityd. Yn de tún fan fersoargingshûs Foswert waard bewenners en soarchpersoniel in hert ûnder de riem stutsen mei de sa werkenbere lietsjes oer Fryske hynders, skûtsjesilen, de PC, it Dokkumer Lokaaltsje en noch folle mear. It moaie sûnder wjergea fan de Wâlden klonk oer it klaailân en soarge foar in hearlike ûnderbrekking fan alles yn dizze ferfelende tiid dy't safolle beheinings meibringt. Foto's © Bram Buruma