Algemeen

JONG LIBBEN AS TEKEN FAN HOPE

By Siebe en Brechtsje Bijma yn Feinsum wie it in folsleine ferrassing dat by ien fan harren skiep krekt foar Kryst al twa lamkes rûnen. It selde skiep dat earder dit jier ek al lammen brocht hie, is yn 'e neisimmer blykber yn kontakt kaam mei in foarlike jonge raam dy't noch by de keppel rûn yn it lân efter de stâl. Bijma seach de lamkes tiisdei 22 desimber yn it lân lizzen en hat dy tegearre mei de mem in waarm drûch ûnderkommen jûn yn 'e stâl. It wie ek by Bijma nea earder bart dat der sa betiid al lamkes wienen. It jonge libben yn 'e stâl wurdt yn dizze bizarre tiid sjoen as in teken fan hope...         
Foto's: Bram Buruma