Algemeen

Nije roman Rommert Tjeerdsma

Yn febrewaris ferskynt de achtste roman fan Marrumer Rommert Tjeerdsma. 

Op de foto krijt Rommert Tjeerdsma út namme fan de útjouwer de felisitaasjes fan Dussy Ybema. Foto: Bram Buruma

By de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) is syn ferhaal útkeazen foar it ledeboek en wurdt de achtste roman fan Tjeerdsma. De oarlochsroman Doutzen yn swier waar is it tredde en lêste boek yn in rige fan trije romans oer Doutzen. Earder skreau Tjeerdsma yn 2013 Om Doutzen en yn 2015 kaam it ferfolch Doutzen ûnder fjoer.