Algemeen

Simmerske blommenpracht rûnom by Hallumer bedriuwen

It is moai om te sjen, mar foaral ek hiel goed foar ynsekten en fûgels. Dêrom is der hieltyd mear oandacht foar wylde blommen op en om boerelân, mar ek op oare plakken is der dúdlik ferlet fan natoer wer tichter by hûs.

Foto's: Bram Buruma

By bedriuwen yn Hallum is dizze maaityd sa'n inisjatyf nommen. Undernimmers Foppe Oreel en Marco Kramer namen it foartou en tegearre mei leanbedriuw Gerrit Douwe de Vries is belangeleas op tal fan plakken in mingsel fan klaproazen en noch folle mear soarten wylde blommen ynsiedde, dy't by tal fan Hallumer bedriuwen kommende simmer foar in kleurenpracht soargje sille. 

Op 'e foto's Lourens Klaas Olivier fan leanbedriuw G.D. de Vries dy't it wyldeblommenmingsel sieddet oan 'e Doniawei.