Cultuur

Roman en dichtbondel Hijumer Janneke Spoelstra

By de Afûk binne mar leafst twa nije titels ferskynd fan Janneke Spoelstra, hikke en tein yn Hijum. Har debútroman De Parallaks en in nije dichtbondel Wy yn ‘e draaimûne binne dêr dan ek presentearre yn it doarpshûs.

Janneke Spoelstra is de earste skriuwster yn de Fryske literatuer dy’t de leafde tusken froulju ta ûnderwerp fan har ferhalen makket. Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt. Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei. 

Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Yn dizze bondel fan 64 siden wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente. 

De earste roman fan Janneke Spoelstra wie Parallaks. Se publisearre har debút bondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, fer-skynde by de Friese Pers Boekerij yn 2011. Yn 2008 publisearre sy yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard  λ