Evenementen

Evenement - It Wylde Westen op it stasjon fan Santa Pelota (kopie) (kopie)

Adres
Locatie MFC Het Spectrum
Plaats Burdaard
Land Nederland
Evenement informatie
Datum 15-2-2020 20:00

Toanielferiening Op, mar net út e Hichte bringt de foarstelling ‘De trein nei San Antonio’ nei Burdaard ta. Op freed 7, snein 9 en sneon 15 febrewaris sille de leden it stik opfiere. It spilet him ôf yn it Wylde Westen fan Amearika. De rezjy is yn hannen fan Johannes Keekstra. 

It dekôr is it sfearfolle en antike treinstasjon fan Santa Pelota dêr’t de ûnnoazele stasjonssjef Lûkbealch de septer swaait. Lûkbealch slyt syn dagen op it stasjon mei dreamen oer in goudskat en is leaver loai as wurch. Syn dei wurdt nogal ferpest as de earste trein nei San Antonio fertraging hat, en de iene nei de oare reizger stykjen bliuwt op it stasjon.

Goudskat
Hoe tafallich de moeting ek liket, alle reizgers komme mei in reden nei Santa Pelota ta. Se binne nammentlik op syk nei in goudskat. Gjinien is wa’t er seit dat er is, en it iene nei it oare slûchslimme pakt wurdt sletten. ‘De trein nei San Antonio’ is in komysk stik dêr’t alle stereotypen yn útfergrutte wurde.

Johannes Keekstra
‘De trein nei San Antonio’ is it rezjydebút fan Johannes Keekstra fan Lytse Geast. Hy spile alris Jacob Slauerhoff yn ien fan de Under de Toer-produksjes. Dêrnêst skreau er in oantal kabaretfoarstellingen en no rjochtet er him dus op it regisseurskip.

De foarstelling is te sjen op freed 7 febrewaris om 20.00 oere, snein 9 febrewaris om 15.00 oere en sneon 15 febrewaris om 20.00 oer mei live musyk fergees nei yn MFC Het Spectrum te Burdaard. Tickets binne te keap oan de baly fan MFC Het Spectrum en online fia: www.mgtickets.nl

Lees meer »