Evenementen

Algemeen - Toanielselskip It Sil Heve spilet “De ferflokten”

Adres
Locatie Doarpshûs Op healwei
Plaats Skingen-Slappeterp
Evenement informatie
za 29 februari t/m za 14 maart 2020
Categorieën Algemeen

Toanielselskip “it sil Heve” út Skingen-Slappeterp spilet op sneon 29 febrewaris en 7 maart om 20.00 oere en op sneontemiddeis 14 maart om 14.00 oere (mei tsjerklike gemeente Rie-Skingen e.o.) de komyske fabel “De ferflokten” fan Neil Simon yn it Frysk oersetten troch Gurbe Dijkstra, yn it doarpshûs Op Healwei yn Skingen-Slappeterp.

Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyliske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy’t de smoargens fan buten yn haren hûs feie en oaren dy’t miene dat der mear reamme ynte molke sit as de ko opte kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei, satt it liket, ivichduorjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sysels. Werom giet Leon net fuort. Hy rekket fereale op de byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe’t se sitten gean moat. Slagget it Leon om de flok te ferbrekken en de breid foar himsels te winnen?

Kaarten kinne besteld wurde by:
Tineke Roest tillefoan 0518-452061 as fia de mail tinekeroest868@gmail.com