Algemeen

ADRI DE BOER SJONGT FOAR FOSWERT

Bewenners en fersoargjend personiel yn Foswert wurde yn dizze dagen seker net ferjitten. Yn Ferwert klinkt sawat alle wiken muzyk en sang troch de tún om minsken dêr in hert ûnder de riem te stekken. Yn 'e rige fan artysten dy't al lâns kamen, wie it trûbadoer Adrie de Boer dy't syn Fryske lietsjes brocht. Ek de kommende tiid sille de optredens by Foswert noch wer trochgean. Sa komt yn koarten ek Reinout Weima del yn Ferwert.
Foto's © Bram Buruma