Algemeen

It earste ljipaai fan de Fûgelwacht Hallum, Marrum, Ferwert, Blije e.o. is dit jier oanmeld troch Redmer Kramer fan Hallum. Redmer (16) fûn it ientsje woansdei 17 maart om 13.48 oere nei skoaltiid op in stik plasdras fan vof Aarts oan de Kelnerswei tusken Hallum en Wânswert. Earder fûn Redmer it earste aai fan de Fûgelwacht ek yn 2019. Dit betsjut dat yn it gebiet fan de Fûgelwacht no allinnich noch yn oerlis mei de boer neisoarch dien wurde mei yn it eigen rayon. Foto: Bram Buruma