Algemeen

FEESTLIKE 15e EDYSJE
JOU BERN IN BOEK

Alle bern út groep 5 fan basisskoallen yn Noardeast krije dit jier yn kader fan Jou bern in boek it tatalige Frysk-Ingelske boek Hero kado. Freed oerhanige wethâlder Fedde Breeuwsma it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaak en Gabe, spile troch de Hallumers Durk Weidenaar en Marilee de Vries mei har Fries Ilja.
Foto's © Bram Buruma

It projekt Jou in bern in boek is 15 jier lyn begûn in gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten. Sa’n 90 bern fan de basisskoallen út it eardere Ferwerderadiel koenen by de 15e edysje fia in live ferbining prate mei de skriuwster fan it boek, Martha Attema. Sy is berne yn Menaam en wennet al 40 jier yn Kanada. de skriuwster kaam spesjaal foar fragen fan de bern midden yn ‘e nacht út bêd wei. Willem Sonnema fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek fertelde oer it sa eigen fan Fryske hynders. Oersetter Martsje de Jong fertelde oan de bern hoe’t se it boek Hero oerset hat fan it Ingelsk nei it Frysk en der waard ek noch knutsele.  
Wethâlder Fedde Breeuwsma: “Ik fyn it belangryk dat bern net allinnich yn har memmetaal prate mar ek gauris lêze en skriuwe. Ik fyn it hiel moai dat wy dêr al 15 jier in bydrage oan leverje.”
De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan de Bibliotheek Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeente Noardeast-Fryslân del mei de boeken foar groep 5. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.