Algemeen

Griet Wiersma sjongt foar bewenners en personiel Foswert

Griet Wiersma fersterke yn Ferwert it lûd fan de maaityd. 

Foto's: Bram Buruma 

Yn de tún fan fersoargingshûs Foswert waard bewenners en soarchpersoniel in hert ûnder de riem stutsen mei de sa werkenbere lietsjes oer Fryske hynders, it skûtsjesilen, de PC, it Dokkumer Lokaaltsje en noch folle mear. It moaie sûnder wjergea fan de Wâlden klonk oer it klaailân en soarge foar krekt as noch in oantal hearlike bûtenoptredens by Foswert in hearlike ûnderbrekking fan alles yn dizze ferfelende tiid dy't noch hieltyd safolle beheinings meibringt foar bewenners en harren famylje.