Algemeen

GRIET WIERSMA SJONGT FOAR FOSWERT

Sjongeres Griet Wiersma stuts bewenners fan soargsintrum Foswert yn Ferwert tongersdei in hert ûnder de riem mei Fryske liedsjes. 

Griet Wiersma kaam del om't de bewenners fan Foswert yn dizze drege tiid gjin besite krije en wol wat opfleure wurde kinne, wylst it soarchpersoniel ek wol in opstekker ha mei. Fanôf trije plakken yn 'e tún fan Foswert koenen bewenners en elts dy't it mar hearre woe mei genietsje.
Sy kamen allegear foarby, fan it Fryske Hynder oant it Dockumer Lokaaltsje, it Bûthúsbankje en Us pake syn klok, It feintsje fan Menaam en noch folle mear. Foar de bewenners wie it fan efter it rút, fanôf it balkon as yn 'e tún in oerke wier genietsjen fan foar de measten sa bekende Fryske liedsjes.

Foto's © Bram Buruma