Algemeen

Grutte Mûne yn tydlike rêststân

Saakkundigen witte it: de Grutte Mûne by Marrum stiet mei de wjukken as in plusteken foar it liif offisjeel yn de tydlike rêststân yn in perioade dat ek de hiele wrâld dêr omhinne sawat stil stiet. Mei de koroaneflage yn top fan de yn 1845 boude poldermûne wurdt minsken dy't op dit stuit de wrâld sa goed as mooglik draaiende hâlde, in hert ûnder de riem stutsen. Lykas bekind giet de opbringst fan de 'mei elkoar, foar elkoar' flage nei it Reade Krús foar de striid tjin koroana.
Foto © Bram Buruma