Algemeen

De Himmelwike is neffens tradyzje yn 'e maaityd, mar troch koroana waard dat yn Noardeast Fryslân útsteld. Foarige wike wie it dochs safier. Goed 300 skoalbern dienen der oan mei, âlders holpen en sleepten sekken fol rotsoai dat wer oare minsken op stjitte, op 'e stoepen, yn it gers, yn sleatten en yn 'e boskjes ticht by hûs as ûnderweis gewoan slingerje lieten. 
Rûnom yn 'e strjitten by Hallumer basisskoalle Op 'e Dobbe brochten bern sekken fol rotsoai by inoar. Foto's: Bram Buruma

Sa wurde alle jierren yn gearwurking mei ôffalferwurker Omrin en gemeenten tûzenen sekken fol rotsoai sammele. Mar de Hiummelwike is folle mear as rommel fan in oar opromje. Yn de striid tsjin alle rommel dy't rûnom leit, hat de Himmelwike ek as doel om bern en âlders der op te wizen wat de gefolgen hjir fan binne en wat sy der sels oan dwaan kinne om dit te foar te kommen. Yn 'e oanrin nei it himmeljen op strjitte, wie der dêrom op skoalle earst al oandacht foar de soarch foar it miljeu, it skieden fan ôffal en dus in duorsume wrâld ticht by hûs. Elkenien is bliid dat de himmel-aksje ek dit jier nettsjinsteande koroanadriging dochs noch wer trochgean koe. Fansels waard der dizze ekstra op let om de gripers en oare materialen goed skjin te hâlden en der wienen foar elk dy't meidie, nije hesjes beskikber steld.