Algemeen

Kolleezje Tour mei Gerrit Hiemstra

It Nut Ferwert/Hegebeintum organisearret in Kolleezje Tour mei Gerrit Hiemstra op freed 18 maart 2022 om 20.00 oere yn it gemeentehûs te Ferwert.

Gerrit Hiemstra is fan 1961, is offisjeel berne yn Drachten, mar hat syn jeugd trochbrocht yn Sumar. Nei syn stúdzje oan Wageningen Universiteit is hy oan it wurk gien as meteoroloog by Meteo Consult yn Wageningen. Yn 1996 hat hy in jier by it KNMI wurke op Schiphol, dêrnei is er mei in eigen bedriuw begûn ûnder de namme WeerOnline. Yn 1998 is hy derneist begûn as part-time waarpresintator by it NOS Journaal en dat docht er noch altyd. Fan 2014 ôf is Gerrit Hiemstra part-eigner fan adfysburo Weather Impact. Neist syn wurk is Hiemstra lid fan de Wageningen Ambassadors fan Wageningen Universiteit en lid fan de Rie fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. Fierder is hy troud, hat twa bern en wennet yn Balk. Hy fertelt ús oer syn wurk en it klimaat. Pyt Nauta sil it fragenpetear liede en Gerrit Hiemstra sil ek fragen beantwurdzje út it publyk. Jo as gast kinne him fragen stelle tidens dizze jûn. Mail jo fragen nei Doete: doetejouta@hotmail.com

Opjaan by Doete Jouta, doetejouta@hotmail.com, Fol=Fol