Algemeen

Lêzing oer tradyzjes fan doarpstoaniel

Hast elk Frysk doarp hat wol in eigen toanielferiening en dy spylje dan meast Frysktalige stikken. Babs Gezelle Meerburg jowt dêr snein 17 febrewaris in lêzing oer yn Burdaard. 

Foto door Katinka Gezelle Meerburg

Fryske toanieldialogen waarden yn de 17e iuw al skreaun, dat betsjut dus in lange tradysje. Yn 1860 waard it earste Fryske toanielstik opfierd en dat wie yn Hallum yn hotel De Valk. Dat wie ek it begjin fan it Fryske Winterjûnenocht. Ut har wenplak Holwert en Burgum wei teagen Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen nei doarpskroegen en –herbergen rûnom yn Fryslân om ferdivedaasje en learing te bringen. It wie ek de tiid dat de earste doarpstoa-nielferieningen oprjochte waarden. Sy koene har fan 1918 ôf organisearje yn it Boun fan Fryske toanielselskippen. Tsjintwurdich is dy rol weilein foar STAF, de Stifting Amateurtoaniel Fryslân. Yn de 20ste iuw koe it toaniel fierder groeie en kamen de nije sjenres op, tink mar oan lokaasjeteater, kabaret, toaniel oars as kluchten en it professioneel selsskip Tryater (1965). Wolle jo mear witte oer de tradysje fan doarpstoaniel, wa’t liedende figueren wiene en wat der sa al spile waard, oer de funksje  fan doarpstoaniel foar de mienskip en de Fryske taal? Jo binne wolkom yn mfc Het Spectrum. De lêzing begjint om 15.00 oere.