Algemeen

Bewenners fan soarchynstelling Foswert yn Ferwert wurde in dizze perioade fan net folle besite seker net fergetten. Sawat alle wiken is der foar de bewenners en de soarchmeiwurkers wol in muzikale opstekker. Sa spilen op pinkstersnein muzikanten fan it Leger de Heils yn de tunen fan Foswert. Earder kaam ûnder oaren ek al it duo Remko en Melvin del foar optredens en ek Gryt van der Wal fan Mantgum spile op fersyk bekende lietsjes op har lûkharmoanika.
Foto's: Bram Buruma