Algemeen

Rûntje Nocht en Wille yn Blije

Yn 2018 hat toanielferiening Nocht en Wille fan Blije 75 jier bestien. Reden foar in spesjale jubileum útfiering op sneon 9 febrewaris. De foto yn it lêste nûmer fan SawnStjerrenNijs fan 2018 is grif wol werkend.

De teepot mei potsjes mei fan alles en noch wat heart thús op de Stasjonswei. Op dat plak sil in fertelster oan it wurd. Sy past hiel goed by de lokaasje en sil grif ferhalen oer iterij mei ús diele. By de foto fan dizze kear sille jimme hjir ek in ferhaleferteller treffe. Syn ferhalen passe wer goed by it materiaal wat hjir te finen is. Dizze ferteller kin in stikje nostalgy oproppe. Hy sil fertelle oer âlde skoalplaten. Yn dizze tiid binne se net mear op skoallen te finen, mar earder hongen de lokalen der fol mei. Fierder is in stikje fan in bekend ferhaal fan de minsken oan de seedyk te hearren. Kommende wike yn Blije de struifolder mei ynformaasjes oer de rûtes. Elts is wolkom op sneon 9 febrewaris op de rûte of op sneon 16 febrewaris yn de MFA. Mar wês der op tiid by, want fol is fol. Wy sette útein om fiif oere. Foar minsken dy’t net meirinne kinne, is der sneon 16 febrewaris in middei yn de MFA foar elkenien dy’t de trije ienakters graach allegearre sjen wol.