Algemeen

Jan Jarig van der Tol (ChristenUnie) as oanjager Frysk yn Noardeast

'Troch de taal leare je ek de emoasjes fan in folk kennen'

Nei it eardere Ferwerderadiel wurde no ek yn Dongeradiel en Kollumerlân de plaknammebuorden Frysk. Jan Jarig van der Tol fan Blije is yn de fraksje fan de ChristenUnie fan Noardeast ien fan de oanjagers fan it brûken fan it Frysk en is dêrom wiis mei it beslút foar Fryske plaknammen yn dizze gemeente. www.sawnstjerrennijs.nl

Van der Tol is bliid dat de gemeente der foar iepemn stiet dat guon doarpen de namme yn harren eigen streektaal ha wolle. ,,Dêrmei lit ús gemeente sjen serieus om te gean mei de meartaligens binnen ús Fryske taalgebiet en jout dêrmei it goede foarbyld.''
Van der Tol is oer it generaal goed te sprekken oer it taalbelied yn dizze gemeente om't ferskate ûnderwerpen en gebieten op it aljemint komme, lykas ûnderwiis,sûnenssoarch, wolwêzen, media en kultuer, bedriuwslibben em toerisme. Dit jout kânsen om Frysk út te dragen en te fuortsterkjen, fynt Van der Tol. ,,De nota giet út fan meartaligens. En dat liket ús in goed útgongspunt. Moai dat minsken har eigen taalkar meitsje moatte. Mar de minsken yn Frylân dy’t net fan doel binne de Fryske taal te brûken, komme der neffens ús wat te maklik ôf as sy sizze: dat kunnen wij niet verstaan. Faak is de muoite net nommen om te besykjen Frysk te ferstean. Fan in ynwenner fan Fryslân meie wy dochs wol ferwachtsje dat er passyf it Frysk behearsket. Bepaalde minsken dy’t hjir somtiden bygelyks al sa’n tsien jier wenje, spanne harren net yn de Fryske taal eigen te meitsjen. En dat docht ús sear. Dêr soe mear respekt en wurdearjen foar de taal fan Fryslân wêze moatte. Immen dy’t him yn de Feriene Steaten festiget wit faak net hoe gau er it Ingelsk leare moat. Mar sa’n persoan tinkt dat dat dan needsaak is. Mar dat jildt just ek foar it Frysk. Troch de Fryske taal lear je ek de emoasjes fan in folk kenne. Dat hat just ek mei de kultuer en de folksaard te krijen. Dêrtroch kin men folle earder en better yntegrearje yn de Fryske mienskip. In Fries úteret him oars as in Hollanner as ien út Noard-Brabân.''
Yn de gemeentlike nota Frysk wurde maatregels oanjûn om de taal posityf yn te setten, om sa in lykweardige posysje te krijen neist it Hollâns. Dat kin neffens Van der Tol lykwols mei mear faasje. ,,Om ús mei it noch wol wat sterker oanset wurde. Want men kin somtiden wat yn in spagaat komme te sitten troch de frije taalkar. En wy wolle dochs graach dat minsken ús taal ek sprekke kinne en wol en yn elts gefal ferstean.''