Algemeen

Yn Blije, Ferwert en Burdaard waard yn foarstelings fan de pleatslike toanielferienings dúdlik dat winterjûnenocht noch altyd folle sealen lûkt. Yn waard Ferwert is it iuwfeest fan OKK (Oefening Kweekt Kunst) fierd mei foarstellings op trije lokaasjes, yn Blije waard it 75-jierrich jubileum ôfsletten mei in hiel bysûnder mearke en Burdaard kaam yn 'e sfear fan it Wylde Westen.  

Yn Blije stuts Nocht en Wille mearkes yn in nij jaske. Trije kear waard it blijspul 'Wat in figueren' opfierd en de 75-jierige toanielferiening brocht bekenden út mearkes ta libben. Sy wienen der allegear yn de troch Siep Jorna yn it Frysk oersette kommedy, lykas Readkapke (Baukje van der Veen), de keizer (Durk de Jong) dy't him foaral drok makke om syn nije klean, Sneeuwwitje (Sjoukje Walda), Hans en Grietje (Pieter Drost en Ester Santhuizen), de prins (Henk Walda) út Doornroosje. 
Yn Ferwert waard it 100-jierrich bestean fan OKK (Oefening Kweekt Kunst)  fierd mei foarstellings op trije lokaasjes en earder in weromblik op in iuw toaniel. It begûn yn Ferwert-Hegebeintum goed 100 jier ferlyn mei in groepke ‘frijsinnigen’, dy’t mei inoar genietsje woenen fan foarlêzen en foardrachten. De ploech is fanút de iepenbiere skoalle útgroeid ta in toanielferiening en regiseur Binne Reitsma slagge der yn om foar dit jubileum mei parten út stikken dy’t earder hinne troch OKK opfierd wienen twa hiel bysûndere jûnen te meitsjen.
Mei in folle seal fan mfc Het Spectrum brocht toanielferiening Op, mar net út e Hichte yn Burdaard trije jûnen de útfiering fan de wol hiel bysûndere klucht ‘De trein nei San Antonio’. De pleatslike toanielferiening naam yn dit komysk stik it publyk mei nei it Wylde Westen fan Amearika. It ferhaal spile him ôf yn it treinstasjon fan Santa Pelota, dêr’t de fan koalenskepper ta stasjonssjef opwurke Lûkbealch (Ruurd Jan Torensma) de baas út hong, mar him dêr net al te drok like te meitsjen. Hy wie leaver loai as wurch, mocht graach in slokje en dreamde oer in goudskat. De rêst op it perron wie lykwols hielendal foarby doe’t de earste trein nei San Antonio fertraging hie en de iene nei de oare reizger stykjen bleau op it sfearfolle en antike stasjon fan Lûkbealch. 

Foto's: © Bram Buruma