Algemeen

Mei it ferstjerren fan âld-boargemaster fan Ferwerderadiel Jan Geersing is op 17 febrewaris 2021 in markant man hommels fan ús hinnegien. 

Neist syn wurk as dosint klassike talen makke Jan Geersing him fertsjinstlik yn de polityk. Hy wie doedestiids lid fan it Gereformeerd Politiek Verbond (GPV) en kaam yn de Steaten fan Fryslân. Dêr waard syn ynbring tige wurdearre. Yn 1988 makke Geersing definityf de oerstap nei de polityk om as boargemaster tolve jier te tsjinjen yn de gemeente Ferwerderadiel. De GPV-fraksje wie dêr tige mei ynnommen, mar syn politike kleur hat Geersing nea blike litten, hy hat altiten boppe de partijen stien. Amtners en boargers wiene wakker wiis mei him en sprieken ek nei’t Geersing yn 2001 syn wurk as boargemaster dien wie, loovjend oer him en oer syn ynbring en belutsenens. It lieden fan de riedsgearkomsten wie koart en saaklik, mar waarden wol troch syn meartaligens (Frysk, Hollânsk, Latynsk en Gryksk) troch ferskate sitaten yn ferskate talen fan syn kant opfleure: ornaris in aai mei sâlt. Ek hat Geersing yn dy tiid foarsitter west fan de Fryske Akademy. Ald-boargemaster Jan Geersing is 80 jier âld wurden. Wy bidde de bern en bernsbern de treast fan Gods beloften fan nij libben troch  ús Heilân Jezus Kristus ta, fan wêrút harren heit ek libbe en trou arbeide hat.

Mient Holwerda, riedslid GPV/ChristenUnie Ferwerderadiel 1982–2006.
Jan Jarig van der Tol, riedslid ChristenUnie Ferwerderadiel 2006–2019 en riedslid Noardeast-Fryslân  2019- hjoed.