Cultuur

75 jier Nocht en Wille

Toaneelvereniging Nocht en Wille yn Blije bestiet 75 jier en der wie dus alle oanlieding om dêr bysûndere útfierings oan te ferbinen op ferskate lokaasjes yn en bûten it doarp. 

Nei yn de Nicolaastsjerke earst it troch Binne Reitsma foarlêzen fan parten út it boek Swart mar Leaflik fan de bekende skriuwer út eigen doarp Watse Cuperus en oargelmuzyk, koe it publyk yn de mfa Fjildsicht oanskowe foar in troch frijwilligers út eigen doarp fersoarge waarm miel. Foar de jûns wie der in rûte útset by njoggen lokaasjes del, dêr't doarpsgenoaten de doarren iepen setten foar it publyk. Yn groepkes wie it sa genietse fan ferhalefertellers, muzyk en in tal ienakters troch leden fan Nocht en Wille. Utfierings fan toaniel en muzyk wienen der yn ûnder oaren skuorren en it eardere stasjonsgebou. De bysûndere dekôrs mei it publyk op striepakken, banken of stuollen. hawwe echt wat moais makke fan dit jubileum. Yn de autentike smidtse fan de famylje Hoekstra wie alle oandacht foar smoute ferhalenferteller Willem Kootstra.
Nei de rûte wie der yn mfa Fjildsicht muzyk en waard neipraat oer wat elk sjoen hie.

Foto's: Bram Buruma